Ofrûne tongersdei, de lêste dei foar de maitiidsfakânsje, helle ik ús bern fan skoalle. De âldste, seis jier is it famke, hie in grut pak by har. Se hâlde it efter har rêch, want ik mocht it net sjen, mar se hie al in probleem: sa koe se net fytse.
‘Kom mar,’ sei ik. ‘Ik sjoch datsto “neat” by dy hast. As ik dat “neat” no foar dy beethâld en meinim, kinsto gewoan op ‘e fyts.’ Sy glimke, wiis mei it foarstel.
Thús joech ik “neat” oan har werom. ‘Sykje mar in moai plakje om “neat” del te lizzen,’ sei ik har. Fansels wit ik wol dat sy op skoalle eat foar memmedei makke hat, mar ik help har graach en hâld it geheim fan it kado yn stân.
Sels haw ik neat mei heite- of memmedei. Net no’t ik sels mem bin, mar eins ek net doe’t ik bern wie en ik ús heit en mem ferwenne mocht. Ik makke wat foar harren op skoalle en soarge foar moarnsiten op bêd, dat wie it eins wol. No giet dat thús op deselde wize en dat is my bêst.
Dochs hat memmedei wol moaie ferhalen opsmiten. Tink oan dy kear dat ús heit net thús wie en ik sels moarnsiten regelje moast! Ik hie it noch frege, in aai moast acht minuten siede, mar dochs gie it mis en rûnen aaiwyt en -giel oer de lekkens. Wêrom hie nimmen sein dat it wetter siede moast fóár’t ik it aai der yn die?
Foar ús heit wie heitedei knap yngewikkeld. Syn heit stoar doe’t er fiif jier wie, mar it jier dêrop makken se op skoalle gewoan wer in jiskebak foar alle heiten. Dêr stie ús heit dan, mei in presintsje foar de heit dy’t der net mear wie. Ik leau dat er it oan syn âldste broer jûn hat.
Nee, om my hoecht dat net, heite- of memmedei. Al soe ik de wille om “neat” wol misse, as we de dagen echt net mear fiere soenen.
Dizze tekst skreau ik foar de skriuwopdracht fan it Fryslân-A eksamen dat ik yn april makke ha. De opdracht wie dyn miening te jaan oer heite- en memmedei.
Toch hoop ik, dat je vandaag wel goed in de watten gelegd bent hoor ! Heeft ze eigenlijk al die tijd geheim weten te houden wat ze je ging geven ? Dat vind ik wel knap, lijkt me best nog moeilijk.
Enne… het levert natuurlijk wél weer een leuke blogpost op 🙂
LikeGeliked door 1 persoon