‘Berber! Skriuw op!’ Folge troch in kenteken, automerk, datum en tiidstip. Hoe faak ha ik net meimakke dat ik mei ús heit yn ‘e auto siet en dat ik notearje moast watfoar foertúch in oertreding makke? Us heit is in plysjeman yn hert en nieren, dêr feroarje je bûten tsjinsttiid neat oan. Dochs is hjoed, nei mear as fiifenfjirtich jier, syn lêste dei by de plysje. Tiid om eefkes werom te sjen.
As lyts famke wie ik al ûnder de yndruk fan ús heits plysjeauto. Faak ha ik mei myn broer en suster op ‘e hoeke fan ‘e strjitte sitten wachtsje oant er thúskaam fan it wurk. Wy mochten it lêste eintsje meiride en no en dan sels by him op ‘e skutte efter it stjoer. As ús heit dan ek noch de swaailampe of sirene oandie, wie it feest fansels kompleet.
Letter ha ik jierrenlang de berneside van Over en Uit, it blêd fan plysje Fryslân, fersoarge troch puzels en tekeningen te meitsjen. It kin net oars as ús heit siet der achter dat ik dat dwaan mocht. Lykas achter it fakânsjebaantsje dat ik yn myn studintetiid hie op it buro fan It Hearrenfean. Us heit en syn kollega’s rûnen dêr mei echte wapens, ik naam in wetterpistoal mei nei it wurk. En wat wienen alle plysjeminsken dêr wiis mei ús heit! Ik strielde no en dan fan alle kompliminten dy’t ik oer him krige. Hy wie ommers hár kollega, mar myn heit!
Doe’t ik noch op it foartset ûnderwiis siet, fytste ik faak mei ús heit nei Ljouwert. Hy nei it buro, ik nei skoalle. Ik wit noch dat wy ris in jonge ynhellen dy’t sûnder ljocht fytste. ‘Tink der mar om,’ sei ús heit, ‘fierderop steane se te kontrolearjen!’ De jonge, tafallich in klasgenoat fan my, fytste in ein om, kaam te let op skoalle en moast dêrom neikomme. ‘Lekkere pa heb jij!’ foetere er. ‘En ze controleerden vanmorgen niet eens!’
In pear jier letter, as ik jûns mei freonen op stap gie yn Ljouwert, kaam ik ús heit leaver net tsjin. Ik wie bliid dat it net faak foarkaam dat wy inoar nachts troffen, mar ik ferjit net gau de kear dat myn freondinnen en ik de jûnswinkel útkamen mei in pear flessen drank, doe’t we ús heit en in kollega tsjinkamen. Syn kollega makke in ‘gesellich’ praatsje mei ús, ik koe wol troch de grûn sakje. En ús heit? Dy stie der allinnich mar by te gnizen.
It bêste ha ik him as plysjeman kennen leard ûnder it kuierjen. Us heit gek op DBO’kes, Domme Blokjes Om, en hat der mear as fiifentritich kear in medalje of ‘stom nûmerke’ foar krigen yn Nijmegen. Jierrenlang regele er dat der in groep kuierders fan plysje Fryslân nei it suden ôfreizige om de fjouwerdaagse te rinnen. Letter, doe’t sy as plysje Noard-Nederlân rûnen, namen oaren de organisaasje oer, mar bleau ús heit entûsjast syn bêst dwaan de minsken fan ‘Grut Fryslân’ mei te krijen nei ‘Nimwegen’ ta.
Ik wie begjin tweintich doe’t ik foar it earst mei gie, as gastrinner. Wat hie ik in wille mei ús heit en mei alle oare plysjeminsken! Hielendal doe’t ik op de lêste dei de tasizzing krige dat ik tenei ek yn unifoarm kuierje mocht. De jierren dêrop rûn ik grutsk as in pau njonken ús heit. Ik wie sá wiis mei dy klean, ek al mocht ik se mar fjouwer dagen yn ’t jier oan ha.
Noch moaier waard it in pear jier letter. Op ‘e fjirde dei, flak foar it defilé, wiisde ús heit altyd de kommandant en de flachdrager oan. Bysûndere taken, dy’t er faak tabedielde oan minsken dy’t in jubileum rûnen of oars oandacht fertsjinnen. Ien kear joech er my de ear om mei de pompeblêdeflagge yn ‘e hân de Fryske plysje oer de Via Gladiola te lieden. Wat in feest wie dat! Strieljend rûn ik dêr, glimkjend fan ear ta ear.
Yntusken binne der pakesizzers, twa prachitge famkes. Sy sjogge bewûnderjend nei ús heit, har pake, op as er syn unifoarm oan hat en genietsje, lykas ik eartiids, as sy in ‘e plysjeauto mei meie om in eintsje te riden.
Oan al dy jierren by de plysje, oan de moaie mominten dy’tst mei my dield hast, mar ek oan al dy oare dingen, komt hjoed in ein. Leave heit, stoere pake, ik bin wiis mei alles watst my leard hast. Ik bin tige grutsk op de plysjeman dy’tst bist, mar wit no al dat ik dat ek wêze sil op de man dy’tst de kommende jierren wurdst. Ik hoopje op noch in protte moaie DBO’kes mei inoar. Ik hâld fan dy!
Wat een prachtige blog, Berber !
LikeGeliked door 1 persoon
Dank je, José.
LikeLike
Hoi Berber, jij kent mij niet maar jouw heit kent mij wel. Wat heb je een prachtig stukje geschreven over een prachtig mens. Oebele een groot voorbeeld voor velen. Ik wens hem en natuurlijk ook jullie heel veel plezier in de nieuwe fase van het leven.
LikeGeliked door 1 persoon
Dankjewel, Marten!
LikeLike