Ien fan de earste dingen dy’t ik sjoch as ik it lokaal binnenkom, binne de tekene pimels op it skoalboerd. Ik gniis, mar doch der fierder neat mei. Hjoed is it myn taak net om foar rêst en oarder te soargjen, hjoed bin ik studint. Sterker noch: ik bin eksamenkandidaat!
Wylst ik it tafeltsje mei myn eksamennûmer sykje, ferwûnderje ik mei oer it lytse tal minsken. Ik ha nûmer 425 tawiisd krigen, dat ik ferwachte in grutte seal fol kursisten en studinten. Dochs binne it der net mear as 50. ‘Yn ús nûmerboekje wienen wy gewoan oan fjouwerhûndert ta,’ leit de freonlike surveillant my út. O. Ik moat ek net sa yngewikkeld tinke.
Ik gean sitten en lústerje wat om my hinne. It docht al gau bliken dat de measte minsken mei-inoar op kursus west ha en elkoar kenne. Hastich werhelje se noch wat regels en beneame de flaters dy’t se nét meitsje wolle. It famke njonken my suchtet. ‘Ik hoopje sa dat ik no wól slagje! Ferline kear hie ik in 1 foar dit ûnderdiel.’ Ik skrik. Haw ik my dan sa yn dit eksamen fergist?
It is noch gjin trije moanne lyn dat ik my ynskreau foar de selsstúdzje Frysk fan ‘e Afûk. Myn hiele libben praat ik al Frysk mei ús heit en no ek mei de bern. Ik koe de taal al aardich skriuwe, mar mei it yn Fryslân o sa bekinde ‘bêst genoch’ bin ik net tefreden. Tiid foar ferbettering.
Al gau seach ik dat jin nei module 1 en 2 op kinne foar it Fryslân-A eksamen. Om’t ik my graach doelen stel, moast dat ek mar wêze. De lêste mooglikheid foar dit kalenderjier wie al yn april, dat it wie wol saak te avensearjen. In aardich part fan myn frije jûnen siet ik dêrom yn ‘e boeken. Mei help fan in kunde fia Twitter oefene ik skriuwopdrachten en justerjûn haw ik my troch de lêste fjouwer lessen hinne wurke. Krekt op ‘e tiid.
Oan it tafeltsje foar my sit in frou mei in holdoek. Wat goed dat sy ek Frysk leart! tink ik. Dêrnei kin ik mysels wol foar de kop slaan. Wêrom soe sy dat nét kinne? De adoptearre jonges fan ús eardere dûmny praten geef Frysk en dat fûn elts prachtich, krekt om’t sy sa’n donkere hûd hienen. Stomme foaroardielen!
Foar it earste ûnderdiel fan it eksamen, tiidwurden, steane fiifentweintich minuten, mar nei fiif haw ik it al ôf. De minsken om my hinne sitte noch drok te stinne, guon lykje it echt dreech te hawwen. Foar alle wissens en om de tiid troch te kommen, meitsje ik de opjeften noch ris. As ik myn antwurden ferlykje, fyn ik dochs in flater. Ik ferbetterje him gau, it liket in goede taktyk.
By de start fan it folgjende ûnderdiel, ynterferinsjes, is der ien dy’t freget wat ynterferinsjes binne. Ik suchtsje. Dat wítte jin dochs, as jin oan sa’n eksamen begjinne! ‘Ynslûpsels,’ antwurdet de surveillant. ‘Ja, no wit ik nóch neat,’ hear ik efter my foeterjen. Sufferd.
Wylst wy oan de opdrachten begjinne, faget de surveillant mei in reade holle de pimels fan it boerd. As sy der net sa ferskrikt by sjoen hie, hie net ien it troch hân, no gnize der guon mei my mei. Eefkes fiel ik wer hoe’t it is om yn ‘e klasse te sitten. Eins is dat hielendal net ferkeard.
Inkelde oeren letter stean ik wer bûten, it eksamen sit derop. De tekst fan de staveringsopdrachten hawwe we meikrigen en ik sjoch dat ik yn in wurd ô skreaun ha yn stee fan oa. Stikem ha ‘k it smoar yn; ik hie sa graach hundert prosint helle foar dit ûnderdiel! It is my ek nea genôch.
As ik sjoch nei de gesichten fan guon oaren mei ik lykwols net kleie. By ús thús kin ynkoarten de flagge út en dat liket net foar eltsenien it gefal. En wylst ik foar harren hoopje dat sy dochs slagje sille, freegje ik my al ôf oft der ek in Fryslân-B eksamen bestiet. Nei it heljen fan it iene doel, folget ommers al gau in oar.
Moai ferhaal, bin benijd hoefolle dit (kinne) lêze en in reaksje efter litte.
Oja, stavering is noch hieltyd net myn sterkste punt, it is by my dus al snel ‘bêst genoch’…
LikeGeliked door 1 persoon
Ik kin hieldal gjin Frysk skriuwen dus dan Peter wie best genoch👍😊
LikeGeliked door 1 persoon
Leuke post, en best goed te volgen. Geschreven vind ik dat beter te doen dan wanneer het gesproken wordt, want nu kan ik gewoon lekker langzaam. Wanneer precies is ‘binnenkort’, en heb je wel een Fríese vlag om uit te hangen ?
LikeGeliked door 1 persoon
Wat bijzonder dat jij lezen makkelijker vindt dan verstaan, dat hoor je niet vaak. Uiterlijk 17 mei krijg ik de uitslag, die vlag leg ik vast klaar. 😉
LikeLike
Dat verbaast me, want mensen praten vaak vrij snel, terwijl je een zin nog een keer rustig terug kunt lezen..
LikeGeliked door 1 persoon
Goed punt!
Al is het dan natuurlijk wel belangrijk dat je betekenis kunt geven aan de woorden die je leest, juist als je ze niet hoort. Knap dat jou dat lukt!
LikeGeliked door 1 persoon
[…] vorige maand was ik blij, toen bleek dat het gemiddelde cijfer voor mijn examen Frysk boven de 9 lag. Een echte uitdaging was het echter niet geweest, ook hier wist ik vooraf al dat ik […]
LikeLike